91 'JO MUTTE IT SELS DWAAN'

 

Freed 25 jannewaris binne wy mei us skoalle nei Thialf west. It trof, it  wie net grôt fol mei riders. 144 Learlingen, 4 leararen, 1 âld learaar en in reedridende buschauffeur hawwe harren och sa fermakke.

Troch it reedriden "teit" der wat yn'e minsken. De wangen reader, in laits op it gesicht, jonges en famkes, âld by jong en dêr giet it hinne.

Nei in oere wer dat tintelende gefoel fan in moaie winter dei, swarte fearten en moai foar de wyn streakje, mar Thialflûdsprekkers fersteure myn fantasy. In frommis eamelt yn in ferske oer: "Maar vanavond..., heb ik hoofdpijn." en ik snap net wat se wol.

As se yn Thialf no ris in echte poeiermolketinte namen, snie yn it midden en snie oer de tribunes en dan rûnom it Fryske lânskip neimeitsje, mei it lûd fan kreakjende fearten en oerfleanende goazzen, dat soe wat wêze.

 

Op'e bank kaam ik neist in man fan in jier as 60 te sitten. Hy hie gjin trainingspak oan, mar wol it nijste type noaren ûnder. It wie tink ik in boer út Gasterlân, want hy hie it oer skonnen yn plak fan skuon en hy bûn mei fan dy rûne fingers, dy't je fan jierren lang melken krije, syn noaren ûnder.

Hy seach my mei eagen fol wille oan en soks freget om in praatsje. Ik sei tsjin him: "Foldogge jo dy nije redens fan Zandstra wat?"

"Eh ja wol jong", sei er. "Wis wol. Nee dêr kin'k it wol mei dwaan".

"Mar",sei ik "dêr ha'k oars noch al wat oer heard, keunststof ûnderstik, bimetalen izers dy't hast net krûm kinne, polyester frame dat as in skokbrekker wurket, fernimme jo soks no ek?"

It wie efkes stil. De Fryske boer lit it even trouch him hinne gean.

"Soa", sei er "sizze se dat".

"Ja it is hjoed de dei sa", hy wiisde nei de redens, "dat as jo se yn'e doaze yn'e winkel lizzen sjogge, dan stiet sa'n hiele doaze fol skrean hoe bêst as se wol net binne. En och, tink ik dan, as se no de helte ris net lige, dan bin'k net bekocht".

Wilens hie er de redens ûnder. "Se ride wol goed hear", sei er, "mar je mutte it sels dwaan".

Hy gong stean en sei: "Dat bliuwt altyd sa. Der sit net in moterke yn no. Jo mutte it sels dwaan"

 

En doe sette er ôf.

"Noch efkes 200 rûntsjes ride", sei er.

 

Ik seach him nei. Hy hie de oerjas ticht, de hannen op'e rêch en net ien misse slach der by. Efkes kaam er oerein en seach op syn horloazje. Doe sette er earst goed oan, moai yn'e linker baan, deun efter in pear fan de kearnploech.  Ik seach ek op'e klok, it rûn tsjin melkerstiid.

 

As der no learlingen binne dy't sizze :"Menear, ik wie doe ek mei, mar ik haw dy boer nea riden sjoen" Dan moat ik sizze:

"Dat is spitich, want dan libje sokke Friezen allinne noch mar yn ús ferhalen"

(1991)

 

 

We hebben 52 gasten en geen leden online

janum300dpi.jpg
spitkeet harkema.jpg